Fries-Groningse Aardappel Kwekers Vereniging

Jirpels                                      troch Baukje Wytsma

Us mem is gek op pasta, 

us heit hat leaver rys,

myn broer bestelt in pizza

us pake fynt soks fiis.

Syn wrald bestiet ut jirpels

der draait it om by him,

syn jirpelskilersmeske

skylt tinner noch as tin.

Op moandei yt er it Borgers

op tiisdei Reade Star

op woansdei Opperdoezen

op tongersdei Dore's

op freed dan binne it Bildtstar

op sneon de Nicola's

op snein skylt hy Irenes

en beppe seit:

Hawar!

In ierpel of in jierpel

der is gjin dei gelyk,

do bliuwst myn Eigenheimer

fol fleur en dynamyk!

Maak jouw eigen website met JouwWeb